Trije jier sel foar Dokkumer om seksueel misbrûk dochterke

30 jun 2017 - 15:37

In man út Dokkum (49) dy't twa jier lang syn dochterke seksueel misbrûkt hat, moat trije jier de sel yn. It misbrûk begûn yn 2014, doe't it famke twa jier âld wie. De man wie altyd ûnder ynfloed fan drank en speed as it barde. Hy hie ek in hiel soad berneporno yn syn besit. De man is fermindere tarekkenber, ferslave en pedofyl.

Hy wurdt dêr no foar behannele. It famke hat troch it misbrûk in posttraumatyske stressstoarnis oprûn. Dêr krijt se help foar. Har heit moat har fan de rjochter 6.000 euro smertejild betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)