Kooyenga Groep ferkeapet oandielen oan Olympia

Kooyenga Groep
Eigener Romke Kooyenga fan Kooyenga Groep yn Dokkum hat 60 prosint fan de oandielen fan syn bedriuw ferkocht oan útstjoerorganisaasje Olympia. Dat hat hy freedtemiddei bekend makke. Olympia is in lanlike útstjoerorganisaasje en aktyf yn hiel Nederlân. Kooyenga hat syn personiel ek ynformearre op in personielsgearkomste yn Nijkerk.
Kooyenga bliuwt foarearst lid fan de direksje fan de Kooyenga Groep. Hy bliuwt ferantwurdlik foar de kommersjele aktiviteiten en foar it beweitsjen fan de bedriuwskultuer by Kooyenga Groep.