Fryske sporters nei Spelen yn Litouwen

© ANP
Alve jonge sporters út de gemeente De Fryske Marren dogge mei oan de International Children's Games yn Litouwen. It giet om swimmers fan swimferiening Avéna fan De Jouwer en basketballers en beachfollyballers út dat plak. Yn totaal dogge der 2100 jonge sporters út goed 80 stêden oer de hiele wrâld oan de Spelen mei. Dy wurde foar de 51ste kear hâlden. De Spelen binne fan no tiisdei oant snein 9 july. It is it grutste jeugdsportevenemint fan de wrâld en ferbûn oan it IOC. It is foar de 16e kear dat der sporters út de gemeente De Fryske Marren meidogge.