Man stjoert foto fan pimel nei 9-jierrich famke

Sosjale media lykas WhatsApp en Facebook © ANP
In 21-jierrige man út Wikel moast freedtemoarn foar de rjochter ferskine om't er yn septimber 2015 in foto fan syn geslachtsdiel fia whatsapp nei in minderjierrich famke stjoerd hie. De offisier fan justysje easke in wurkstraf fan 30 oeren dy't folslein ûnder betingst is. Fierder wol it Iepenbier Ministearje dat de fertochte behannele wurdt, en dat er ûnder tafersjoch fan de jeugdreklassearring komt. De man hat himsels al frijwillich meld foar in behanneling by de GGZ. De Wikeler sei dat hy net yn de gaten hie dat it famke mar in jier as 9 wie. Hy tocht dat se sa'n 16 jier âld wie. Tsjin de plysje hie er lykwols earder al sein dat hy tocht dat it famke sa'n 10 jier âld wie. Neffens de offisier fan justysje wist de fertochte hoe âld it slachtoffer wie.
De foto waard ûntdutsen troch de mem fan it famke. Dy't dêrnei in strang petear mei de fertochte hie, wêrnei't se oanjefte die. Neffens de offisier fan justysje hat de man syn les wol leard. 'Ik denk dat we verdachte hier niet weer zien', sei de offisier. De rjochtbank docht op 14 july útspraak.