Net mear jild yn djoere huzen De Houtkolk

Wenningkorporaasje Thús Wonen ynvestearret net mear yn djoere sosjale hierwenten oan De Houtkolk yn Dokkum. De korporaasje makke dat sels bekend en rjochtet him no op de ferbettering fan huzen en nijbou op minder djoere lokaasjes. Neffens Thús Wonen is de nijbou fan sosjale hierwenten op De Houtkolk net helber. Der is de lêste jierren in soad ûndersyk nei dien. De kosten binne neffens de direksje te heech. Thús Wonen woe huzen bouwe foar minsken mei in beheind ynkommen, mar de kosten foar de bou binne sa heech dat dat nea slagje sil.