Twa fertochten yn Ljouwert oppakt foar wapen- en drugsbesit

Argyffoto De Weaze
De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn Ljouwert in 38-jierrige Ljouwerter en in 23-jierrige ynwenner fan Gouda oanhâlden. Se wurde fertocht fan ferbean wapen- en drugsbesit. Troch tafersjochkamera's fan de gemeente waard opmurken dat in man op De Weaze mooglik in fjoerwapen by him hie. De plysje sleat it kafee ôf en hat eltsenien fûillearre. Uteinlik waard by gjinien in wapen fûn, mar yn it kafee sels waard wol in fjoerwapen oantroffen.
Op it momint fan de sykaksje krige de plysje ek in melding fan in ynbraak yn it hûs fan de Ljouwerter fertochte. Mooglik waard hjir besocht om bewiismateriaal fuort te heljen. Aginten hawwe hjir drugs en in patroanhâlder fan in fjoerwapen yn beslach naam. De twa fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo.