Kollum: "Elektryske fyts"

"Ik haw twa hynders. In hiele moaie leave pony en in prachtich Frysk hynder. Dat hâldt my wol dwaande, mar ik kom eins mear froulju tsjin yn de hynstesport as manlju en dat fyn ik nuver. Ik sjoch graach nei searjes as Vikings en Outlander. No wit ik fansels wol dat soks bot romantisearre is, mar manlju sieten doe al mear op hynders as tsjinwurdich. Yn in kilt of in harnas en dat mei ik wol lije.
De ridders fan eartiids koene ek omraak hynderride. En dat hâldt mear yn as sa goed mooglik op sa ’n bist sitten bliuwe. Hynders binne hiel gefoelich en sa sterk as in dyk dus it is ek wol handich as je dermei omgean kinne en se moatte goed fersoarge wurde.
Yn ‘e Midsiuwen dronken se in protte bier omdat it wetter faak sa’n minne kwaliteit hie en wat dat oanbelanget wie in hynder as ferfiersmiddel grif handich. Ast smoar op sa’n bist sitten giest en it oprêde koest der ûnderweis net ôf te kukeljen, dan wie de kâns grut dat er út himsels wol nei hûs ta rûn.
Hynders binne hjir no net mear nedich as ferfiersmiddel mar mear foar de hobby en de wille. Dochs giet de bân tusken minsk en hynder safier tebek dat it net sa gek is dat we der gjin ôfstân fan dwaan kinne. Se bliuwe oansprekken en je binne noait útleard. Mar ik begryp net wêrom’t je amper mear in man op in hynder tsjinkomme en ik tink dat ik lang om let wit hoe’t dat komt.
Se hawwe fansels yn it ferline safolle kilometers op dy bisten makke om te reizgjen of te fjochtsjen dat se der wol klear mei binne. Sjoch… yn sokke tiden wiene de froulju meastal thús by de bern wylst de manlju skoften op in paad wiene yn waar en wyn. En ik tink dat dat stikje noch yn it DNA sit, dat binne se noch net fergetten mei as gefolch dat se no leaver op in elektryske fyts sitte.
Ik kaam fannewike wer in pear tsjin. Jonge keardels op in elektryske fyts en wier, it is gjin gesicht. Ik haw alris sein dat ik net safolle op ha mei hurdfytsers mar dat komt troch harren arrogânsje. Sokken kinne de dyk sa klaime en binne altyd hastich mar se fytse yn alle gefallen wol sels, yn waar en wyn. Soene dat dan de ridders en Fikings fan eartiids west hawwe? Mar no mei in stielen ros?
Ik frege it my ôf doe’t ik mei de hûnen rûn en dy suertsjes op dy elektryske fytsen tsjinkaam. Moaie fytstaskes achterop en dêr giene se hinne. Neat foar my. Ik soe graach ris in stoere keardel op in Frysk hynder tsjinkomme wolle, mar dy treffe je ornaris allinnich noch mar op Netflix.
Net alle midsiuwske tradysjes binne ferlern gien want bier sûpe, dat kinne de measten noch wol! It bier smakket noch altyd as fan âlds al liket dronken fytse my dreger ta as dronken op in hynder sitte. Dy fyts slingeret omraak wylst sa’n hynder der neat om jout. Mar in fyts skyt net alle dagen in kroade fol en hat ek gjin eigen wil… alhoewol der al hûzen ôfbaarnt binne omdat de accu’s ûnder it opladen yn brân flein binne.
Lancelot, Uthred, Ragnar en Jamie kamen grif net mear by as se yn ús tiid telâne komme soene. Mar mannen mei elektryske fytsen… lûk jim neat fan my oan en fyts de wide wrâld yn! Ik bin ek mar in skriuwster mei in grutte fantasy… en gelokkich ha ‘k in abonnemint op Netflix."