Ljouwert en Easterlittens yn finale iepen FK Jeu de Pelote

Ljouwert en Easterlittens stean freedtejûn yn de finale fan it iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote. Tongersdeitejûn waarden de heale finalewedstriden spile op It Plein fan Easterlittens. Ljouwert wûn mei 8-6 fan Easterein. Easterlittens wie mei 8-5 te sterk foar Winsum.
De finale begjint freedtejûn om 19.30 oere.