Dongeradiel stekt ton yn restauraasje gevel boekhannel

29 jun 2017 - 22:00

De gemeente Dongeradiel jout in liening fan in ton om de histoaryske gevel fan in winkel oan de Grutte Breedstrjitte yn Dokkum op te knappen. No't dy subsydzje, yn de foarm fan in liening, der komt sil boekhannel Van der Velde dêr sa gau mooglik in fêstiging iepenje.

Diskusje

In mearderheid fan de ried fan Dongeradiel joech dêr tongersdeitejûn grien ljocht foar. Mar dat gie net sûnder diskusje. Neffens ChristenUnie, Dongeradiel Sosjaal en VVD kin in gemeente net samar in ton subsydzje oan foar de restauraasje fan in gebou fan ien ûndernimmer jaan, sûnder dat dêr dúdlike kritearia foar binne. 

Neffens VVD-riedslid Anton van der Aar is der in soad ûnrêst ûnder middenstanners yn Dokkum oer de ynsidintele subsydzje dy't yndirekt ten goede komt oan boekhannel Van der Velde. Wethâlder Pieter Braaksma fersmyt dy krityk. Neffens de wethâlder komt it jild út in pot foar ekonomyske ûntwikkeling en kin de ried dêr frij oer beslute. "As je neat dogge, krije je allinnich mar mear leechstân. In oare ûndernimmer mei in fergelykber probleem kin de gemeente yn de takomst ek om stipe freegje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)