Meardere partijen wolle in beweechbere Prins Hendrikbrêge

De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is no noch in fêste brêge © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Meardere partijen yn de gemeenteried fan Ljouwert sette harren yn foar in beweechbere Prins Hendrikbrêge. Neffens de partijen soarget dat foar in bettere stedsentree, is it in ympuls foar de histoaryske museumhaven en noadich om in eastlike trochfarrûte troch it stedssintrum te meitsjen. Dat soe liede moatte ta mear wettersporttoeristen dy't nei Ljouwert komme en dêrmei ek mear bestegings yn Ljouwert en eintsjebeslút ek mear wurkgelegenheid.
Hoarekaûndernimmers yn de binnenstêd binne neffens de politike partijen ek foarstanner fan in beweechbere brêge, omdat dy mear kommersjele kânsen jout.
De partijen D66, PAL/Grien Links, Feriene Lofts, FNP en List Pier Talma wolle it ûnderwerp op 3 july yn de riedsgearkomste oan de oarder stelle.