Moaiste fan Fryslân: noch pear dagen stimme

28 jun 2017 - 16:08

By de ferkiezing fan 'It moaiste fan Fryslân' binne nije koprinners. Stie earder skipswerf De Hoop yn Warkum by de kategory wurk oan kop, no is dat Apotheek Centraal yn Ljouwert. En yn de kategory ikoanen wie earder it Woudagemaal op De Lemmer favoryt, mar it gemaal is no ynhelle troch de wetterpoarte yn Snits.

Yn de oare kategoryen steane de Noorderhaven fan Harns, Park Vijversburg yn Tytsjerk en it Eise Eisinga Planetarium boppe-oan.

Yn ien wike binne mear as 11.000 stimmen by kaam. Stimme kin noch oant 1 july 2017.

Trefwurden: 
'Moaiste fan Fryslân'
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)