Melkfeehâlder Jelsum produsearret gas foar 750 húshâldingen

Fryslân hat genôch kij om hiel Fryslân fan grien gas te foarsjen. Dat seit melkfeehâlder Dirk-Jan Ubbels fan Jelsum. Ubbels hat de ôfrûne winter syn âlde biogasynstallaasje fan 2005 ombouwe litten yn in grien gas ynstallaasje. Dêrmei foarsjocht hy 750 húshâldingen yn Ljouwert fan gas.
De âlde biogasynstallaasje produsearre elektrisiteit en wie net mear rendabel. De nije ynstallaasje is dat wol. It fernijen fan de biogasynstallaasje hat sa'n 1,7 miljoen euro koste. Njonken dong fan de 120 kij giet der ek restôffal fan bouboeren yn de biogasynstallaasje.
De nije ynstallaasje is folle effisjinter as de âlde en boppedat folle better isolearre, wêrtroch der net folle oerlêst is foar de omjouwing. Ubbels hat neffens eigen sizzen noch noait ien klacht krigen oer syn ynstallaasje.