Steaten jouwe kwart miljoen foar grut stânbyld Frysk hynder

De Fryske Steaten stelle in kwart miljoen euro beskikber foar de bou fan in 25 meter heech stânbyld fan in Frysk hynder. In inisjatyf fan de VVD kin op in mearderheid rekkenje. Mei de provinsjale bydrage binne de inisjatyfnimmers der noch net. Der is noch in gat fan twa miljoen euro. Dat moat ophelle wurde troch jeften, sponsoring fan bedriuwen, fûnsen en crowdfunding.
Neffens fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD moat it byld op in prominint plak komme. "Zo'n beeld geeft duidelijk aan waar Fryslân voor staat. Het zegt iets over het paard dat bekend staat om zijn karakter. Het zegt ook iets over de Friese inwoners." It oarspronklike plan wie it byld takom jier te pleatsen yn it ramt fan Leeuwarden Fryslân Kulturele Haadstêd. De kâns dat dat noch slagget is lyts, tinkt Fokkens. Oer de lokaasje wol se har net útlitte. "Een prominente plek want het moet direct het signaal geven dat je welkom bent."