Kollum: "Meitinke"

"Boargemasters ha oer it generaal gemiddeld ien skerpe gedachte per jier. Mear ha se net nedich. Want dy gedachte ferwurkje se dan yn de nijjiersrede, de iennichste kear dat in boargemaster foar eigen ferantwurding wat seit. Achtkarspelen hat de nijjiersrede ôfskaft. Dêr gean se yn jannewaris gewoan oan it wurk. Yn juny, as de sinne skynt, dan hâlde se dêr pas de nijjiersrede. En dan stiet Gerben Gerbrandy, boargemaster fan Achtkarspelen, ynienen foar 200 lju yn de bûtenloft te preekjen. Dy 200 falt wat ôf, mar ach dan kostet it ek net safolle. En it foardiel foar him is dat we al dy oare boargemasters ûnfoldwaande ta har rjocht komme litte kinne, en dat we it djipste tinken fan Gerbrandy no tige yngreven behannelje kinne.
Mar ja. Gerbrandy sei dat de minsken net foldien binne oer de beslissingen fan de ried en dat se der ek net by belutsen binne. Se fiele har net heard. In folslein normale konklúzje, it hat noch noait oars west. Mar Gebrandy lei nei it simmerslokje op bêd en tocht dat hy it ek oplosse moat. Oars is it mar in kreet, in gjalp yn it Gerbrandyfrysk. Doe tocht hy ynienen oan Buma. Wêrom wit ik ek net, mar je ha allegear wolris in nachtmerje. Mar Gerbrandy fûn de gedachte fan Buma om de tsjinstplicht wer yn te fieren wol aardich om nei te folgjen. Hy wol no ek in boargerplicht. Wy moatte de bestjoerders fan de gemeente ferplicht helpe, eeh stypje yn it Gerbrandyfrysk.
Alderleafste Gerben. Tink ris oan sa’n groepke lju dy’t meihaffelje moatte. Dat ûnder leiding fan sersjant Jouke Spoelstra, dy is no noch wethâlder, bygelyks gear moat oer it swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. Jim witte nammentlik totaal net hoe’t jim dêrmei oan moatte. No hat hiel Bûtenpost dêr alris in jûn oer oan it haffeljen west. De útkomst wie dat der in moai goed nij swimbad komme moat. Mar dat kin jim dus net foarelkoar krije as gemeentebestjoer. Dus it nije meihaffelgroepke haffelet. Tafallich is de mem fan ien fan de badmeesters tsjinstplichtich en sit yn dy ferplichte meitinktank. En it personiel wol echt hielendal wat oars as it bestjoer, dus dat smyt mem der daliks út. En de oaren moat mei, want je moat fansels wol unanym meihaffelje. Mem komt út by it ferhaal fan in pear al fuortstjoerde kommersieel tinkende meiwurkers dy’t in hiel grut swimbad mei oanhingjende new life saken útsocht ha. Frjemd genôch stipet de FNP yn Achtkarspelen soks, mar dat komt leau ik inkeld mar om't it gemeentebestjoer wat oars wol. Mar it gemeentebestjoer kin wat se wolle, sa gau mooglik fan net al tefolle sinten ôf, net trochsette om't mem yn de meitinktank sit. En sa krijt Bûtenpost op 'en duer hielendal gjin swimbad mear want de mienskipsgedachte om gear te wurkjen ta ien doel, dêr moat in swimbad komme, dat komt der net fan. Dus it liket allegear o sa moai betocht troch Gerbrandy, mar meitinkplicht smyt inkeld mar mear problemen op. Eeh, swierrichheden yn Gerbrandyfrysk.
Tink, as jim dat ek ris dwaan wolle, foar it oare net dat Gerbrandy allinnich stiet. Elke gemeente besiket om de lju faker en better by de polityk te belûken. Mar de minsken komme inkeld as it in miel iten opsmyt, dêr komt net safolle op ôf. Op It Hearrenfean wolle se krekt as Gerbrandy dat de minsken meidogge. Dy lju hjitte dêr meitinker. Dy fertelle de wethâlders allegear dingen wêrmei't dy wethâlder oan de slach gean kinne soe. Net dat dy dat dan docht, want dat tinken komt fan ien en wethâlders ha al lang leard dat je net ien boarger folgje moatte, útsein as hy hiel ryk is.
Mar jonges, lis my no ris út wêrom as wy ien kear yn de safolle tiid stimme. Politisy wolle ús fertsjintwurdigje, dat sizze se dan altyd. En no wol se dus net mear dwaan as gewoan útfiere wat wy sizze. Ja soademiterje no gau op. Wy ha jim ferantwurdlikens jûn, hupstee doch dat dan ek. En as jim dat net dogge dan krij jim ús stim net wer. Sa simpel. En trouwens, Gerbrandy , it soe my krekt fan jo ôffalle dat je net witte soenen wat wy tinke."