Slim fertutearze hûn op feilich adres ûnderbrocht

De poaten fan de hûn wiene der min oan ta © Facebook Politie Oost-Fryslân
De plysje yn Drachten hat in slim fertutearze hûn yn beslach naam. De plysje kaam it bist op it spoar troch meldings fan omwenners. De hûn hie yn beide earen in ûntstekking dêr't gjin medyske help foar socht wie. Ek siet de hûn ûnder de flyen en wiene beide achterpoaten troch bytwûnen ûntstutsen. It baaske fan de hûn hie ek noch neilitten it bist goed iten te jaan.
De hûn is yntusken op in feilich adres ûnderbrocht, dêr't er goed fersoarge wurdt en dêr't er wer better wurde kin fan de ferskate wûnen en ûnstekkingen. De eigenerasse krijt de hûn net werom. Der wurdt in proses-ferbaal tsjin har opmakke.