Offalapp foar ynwenners fan gemeente Frjentsjerteradiel

© Omrin
Ynwenners fan Frjentsjerteradiel kinne fan tiisdei ôf ek op in app sjen wannear't se har ôffalkonteners by de dyk sette moatte en wat der yn hokker bak moat. Frjentsjerteradiel is de fjirtjinde gemeente dy't de ôffalapp oanbiedt oan syn ynwenners.
De app warskôget dy ek dat it tiid wurdt om de kontener by de dyk te setten. Der stiet ek op wêr't de konteners ûnder de grûn te finen binne. De app is ûntwikkele troch ôffalferwurker Omrin.