Brânwacht nimt taken fan Nationale Reddingsvloot oer

Rêdingsbrigade yn aksje © ANP
De Fryske brânwacht nimt de taken fan de Nationale Reddingsvloot yn Fryslân oer. De Rêdingsbrigade hie de Feilichheidsregio om help frege. Yn oerlis mei de brigade nimt de brânwacht de taken mei eigen materieel en minsken oer. Yn maart 2016 sette de Rêdingsbrigade Nederlân útein mei in proses om de eksploitaasje foar de Nationale Reddingsvloot slutend te krijen, mar dat slagge net.
De Nationale Reddingsvloot wurdt yn Nederlân ynset as der bygelyks oerstreamingen binne. De float moat soargje foar evakuaasje en rêding fan de ynwenners fan harren gebiet. De boaten wurde ek brûkt foar oare saken, lykas bygelyks it begelieden fan eveneminten.
Yn Fryslân giet it yn totaal om fiif stasjons: De Lemmer, Drachten, Weststellingwerf, Ljouwert en Stiens. Wat der mei de stasjons en it materieel barre sil, is noch net bekend. De Rêdingsbrigade wol sjen oft it materieel fan de stichting op dizze fiif plakken behâlden bliuwe kin. De boaten wurde nammentlik ek noch brûkt foar oare saken, lykas it begelieden fan eveneminten.