PvdA: Provinsje moat Eetbaar Friesland bliuwend stypje

(foto-ympresje)
Friezen moatte safolle mooglik produkten fan it seizoen ite dy't ek noch út de eigen streek komme. Dat fynt de steatefrakje fan de PvdA. De partij wol dêrom dat it inisjatyf Eetbaar Friesland bliuwend stipe kriget fan de provinsje. Doel is dat alle Friezen binnen fiif jier alle dagen foar pleatslike produkten kieze yn stee fan bygelyks iten dat út it bûtenlân ynfierd wurdt.
Eetbaar Friesland hat op it stuit jild te min. De PvdA fynt dêrom dat de provinsje byspringe moat.