Pepy Huisman oer tentoanstelling: "It is oerweldigjend"

‘’It is oerweldigjend, en der is safolle by dat ik noch noait sjoen ha!’’ Dat seit Pepy Huisman, de soan fan de ferneamde skilder Jopie Huisman, by it sjen fan de tentoanstelling dy't dit wykein iepene is op it Dútske waadeilan Föhr. Foar it earst hinget it wurk fan Jopie Huisman yn it bûtenlân. De skilder woe syn keunst altyd yn Warkum hâlde, en dêrom hat it in fêst thús yn it Jopie Huismanmuseum.
Mar no is der wat oars oan de hân. It bestjoer fan it museum krige it berjocht dat yn Switserlân de rike Noard-Fryske sakeman Frederik Paulsen wennet, dy't al tweintich jier keunst fan Jopie Huisman sammelet. Yntusken hat er 55 wurken yn syn besit. Dy skilderijen en tekeningen, foar in soad minsken ûnbekend wurk, binne no te sjen op it eilân dêr't Paulsen opgroeid is: it Dútske waadeilân Föhr. Yn it Nordfriesisch wurdt dat útsprutsen as: Feer.
Museum oprjochte
Se hingje yn it Museum Kunst der Westküste yn it doarpke Alkersum. Paulsen hat it museum acht jier lyn sels oprjochte om keunstners fan de westkust dêr eksposearje te litten. Sneon waard de útstalling 'Hommage an das einfache Leben' iepene.