Izerflechters Sintrale As hawwe efterstallich lean noch net

De provinsje wol soargje dat it efterstallich lean betelle wurdt oan minsken dy't meiwurke hawwe oan de oanlis fan de Sintrale As, mar dat slagget oant no ta net. De oannimmer dy't de minsken yn tsjinst hie, wol de provinsje gjin persoanlike gegevens oerlangje. As net bekend is om wa't it giet en hoefolle jild se noch krije moatte, kin de provinsje neat dwaan, seit ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes.
Neffens it fakbûn FNV wienen de izerflechters dy't op de Sintrale As oan it wurk wienen ûnderbetelle. De provinsje, as opdrachtjouwer fan it projekt, sei úteinlik dat dy it efterstallige lean betelje soe. No't de situaasje op it stuit fêstsit, oerweaget de provinsje nei de rjochter te stappen om de gegevens dochs yn hannen te krijen.