Personiel basisskoallen staakt: "It fielt as spijbeljen"

De masters en juffers fan de Westermarskoalle op De Jouwer sieten wol wat ûnwennich oan de kofjetafel doe't se tiisdeitemoarn it wurk delleinen. "It fielt hiel raar, krekt as binne je oan it spijbeljen", sei in juf. It personiel fan de skoalle die mei oan de prikaksje yn it basisûnderwiis. Hast alle skoallen yn Nederlân begûnen in oerke letter om omtinken te freegjen foar de arbeidsomstannichheden. De leerkrêften fine dat de wurkdruk te heech is en it salaris te leech.
Wichtich
Op De Jouwer krigen se stipe fan de âlden. "It ûnderwiis is wichtich foar je bern, dat moat goed regele wurde", sa sei in heit. "Alle belangen dy't meispylje, dêr moatte je oan meiwurkje." De measte âlden hiene der gjin problemen fan ûnderfûn dat de skoalle in oerke letter begûn.
Utkoese
Ek de skoalbern hiene net in soad muoite mei in oere minder les. "Het is wel fijn, kan je lekker uitslapen en hoef je minder werk te doen", stelde in learling. In oar hie ek wol wer nocht oan de les. "It wie wol lekker om even sa lang út te koesen. No haw ik ek wol wer sin om nei skoalle te gean en te learen."