Dochs ferkearsbuorden by Jan Binnesleane op It Surhústerfean

Fytspaad
Der komme dochs ferkearsbuorden lâns de Jan Binnesleane op It Surhústerfean, dy't oanjouwe dat der in fytspaad njonken de dyk leit. De buorden meitsje it foar de plysje mooglik om automobilisten, dy't op it fytspaad parkearje, oan te pakken. Nei't de dyk ferline jier opnij ynrjochte wie, wie de strook offisjeel gjin fytspaad. De gemeente hie tocht dat de situaasje sûnder regels wol dúdlik genôch wêze soe.
Sa't no bliken docht parkearje bestjoerders faak op it fytspaad, wat foar ûnfeilige situaasjes soarget. Pleatslik belang is bliid mei de maatregel.