Strannen moatte foller wurde mei nij toerismekantoar

Trije toeristyske organisaasjes yn Fryslân iepenje tiisdei ien mienskiplik kantoar. It giet om Merk Fryslân, Leeuwarden-Fryslân 2018 en Marketing Leeuwarden. Yn it kantoar wei wurkje se mei-elkoar oan de kampanjes om mear toeristen te lûken nei Fryslân, Ljouwert en Kulturele Haadstêd.
It kantoar komt oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert.