Juffen en masters begjinne letter út protest tsjin wurkdruk

De skoaldoarren fan in soad basisskoallen gean tiisdei in oere letter iepen. Dosinten fiere aksje omdat se wolle dat de wurkdruk leger wurdt en omdat se fine dat it salaris omheech moat. Letter tiisdei wurdt in petysje dêroer oanbean yn Den Haag. Yn trije wike tiid binne der mear as 300.000 hantekenings ynsammele.
Neffens Nynke Stallinga fan de Prins Constantijnskoalle yn Ljouwert giet it no benammen om in prikaksje, om omtinken te freegjen foar de problematyk. In dei op skoalle is hiel yntinsyf, seit Stallinga. "Dy begjint moarns betiid, dan komme de bern derby en as se fuortbinne dan giet it noch even troch. Der is altyd wat te dwaan en it wurk is eigentlik noait ôf."