FNP: Ekstra subsydzje foar âlde Fryske tsjerken

De Mariatsjerke yn Foudgum © PC Foudgum
De FNP wol dat de provinsje it wurk fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken stipet mei in ekstra bydrage fan twa ton. De partij tsjinnet dêr woansdei in moasje oer yn by de gearkomste fan Provinsjale Steaten.
De Stichting Alde Fryske Tsjerken hie de provinsje sels ek al om mear subsydzje frege, omdat dy hieltiten mear tsjerkegebouwen yn eigendom krijt. De organisaasje pleitet der al jierren foar om de subsydzje meigroeie te litten mei it tal tsjerken.