Wurkstraf en rydferbod foar it ynriden op treinreizgers

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 31-jierrige man út Akkrum hat in wurkstraf fan 150 oeren krigen foar it ynriden op wachtsjende treinreizgers op it stasjon fan Akkrum. Dêrneist hat er in rydferbod fan njoggen moannen krigen. De rjochter oardielde dat de man skuldich is oan it besykjen fan it tabringen fan swier lichaamlik letsel.
Wegspringen
De man ried op 28 augustus ferline jier yn op de groep wachtsjende treinreizgers. Se stiene by it stasjon te wachtsjen op ferfangend ferfier, om't de trein fanwege wurksumheden net fierder gie as Akkrum. De Akkrumer ried mei syn auto fjouwer kear mei hege snelheid by de groep del. De reizgers moasten fuortspringe om net oerriden te wurden. Der rekke nimmen ferwûne.
Wraak
De man meldde him letter by it plysjeburo nei in oprop fan de plysje. Hy hie drugs brûkt. Ek sei de man dat er troch ien út de groep útskolden wie en hy woe de groep dêrnei bang meitsje.