Pieter Huistra wurdt assistint-coach yn Oezbekistan

© awfoto.nl
De Fryske fuotbaltrainer Pieter Huistra hat in nije baan fûn: hy giet oan de slach as assistent-coach by Pachtakor Tasjkent. Dy klup fuotballet yn de Oezbeekske kompetysje en stiet dêr op it stuit op in sânde plak. Huistra wurdt de assistint fan in âld-spiler fan Ajax en AZ, Shota Arveladze.
Pieter Huistra wie earder al trainer by Grins en De Graafschap. Ek hie er bûtenlânske aventoeren yn Yndonesië, Japan en Slowakije.