Bern yn De Westereen hâlde snelheidskontrôle

© Sven Keizer
Bern út De Westereen hawwe tegearre mei Veilig Verkeer Nederlân in snelheidskontrôle hâlden. Mei in lasergun seagen se hoe hurd der riden waard. Yn it doarp jildt in maksimumsnelheid fan 30 kilometer de oere, mar der wienen minsken by dy't wol twa kear sa hurd rieden. Ien automobilist ried mei 70 kilometer de oere troch de strjitte.
De hurdriders waarden troch de bern oan de kant setten. Se krigen gjin boete. De measte reaksjes wienen posityf.