Wurk fan Jopie Huisman te sjen op Dútsk eilân

24 jun 2017 - 14:05

Fan sneon ôf binne skilderijen, tekeningen en lito's fan de Warkumer keunstner Jopie Huisman te sjen op it Noardfryske waadeilân Föhr, yn Dútslân. Dêr sitte ek fjouwer keunstwurken by fan it Jopie Huisman Museum. Dat is bysûnder, want dy wurken komme hast nea bûten Warkum. Jopie woe dat net, omdat by in eardere tentoanstelling, yn Brabân, trije fan syn skilderije stellen binne. 

Ienfâldich

In grut tal skilderijen dat te sjen is, komt út de priveekolleksje fan de oprjochter fan it museum op Föhr. Dy hâldt fan de oandacht dy't Jopie Huisman hat foar it ienfâldige. Hy fynt it wichtich dat der omtinken is foar keunst oer gewoane saken.

De tentoanstelling is oant en mei 7 jannewaris 2018 te sjen.

Trefwurden: 
Jopie Huisman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)