Bou nij Lânboumuseum is úteinset

De bou fan it nije Lânboumuseum by Ljouwert is los. Mar mei mar krekt acht moannen tusken start fan de bou en oplevering is it allegear wol krap. Dochs hat direkteur Henk Dijkstra der alle betrouwen yn dat it wurk op tiid klear is.
Freed waard offisjeel de earste stien lein fan de ferbouwing fan de monumintale W.C. De Grootpleats ta museum. En der moat noch moai wat barre. Sa moat de hiele binnenkant sloopt wurde en moat it in moderne strakke museumyndieling krije. Dêrnei moat der ek noch ferhuze wurde.
En ek al duorret it noch in pear moanne, by direkteur Henk Dijkstra begjint it al aardich te kribeljen.