Kuierders Mar-athon Snits ûnderweis

Snits stiet sneon folslein yn it teken fan kuierje en hurdrinne. Der wurde in lytse 8.000 dielnimmers en sa'n 5.000 taskôgers ferwachte foar de Mar-athon. Om njoggen oere setten de kuierders fan de hele maraton (dus 42 kilometer) útein. Om tolve oere folgje dan de kuierders foar de heale maraton. Sneontejûn om 19.00 oere binne de hurdrinners oan de beurt. It parkoers giet om de Snitser Mar hinne en einiget yn de binnenstêd.
Freed waard al de Starteiland Run Hardlopen holden. De Mar-athon wurdt ôfsletten mei in festival op it Martiniplein.