Freonen woene stekpartijfertochte opnimme litte by GGZ
De freonen fan de 31-jierrige Ljouwerter dy't tongersdei syn 59-jierrige mem mei messtekken om it libben brocht en syn heit earnstich ferwûne, befêstigje dat hy al lange tiid earnstige psychyske problemen hie. Sy wiene dwaande mei in fersyk om de man opnimme te litten by de GGZ.
Boargemaster Ferd Crone hie neffens eigen sizzen 'ûnfoldwaande ynformaasje' om de man opslute te litten. In boargemaster kin sa'n maatregel allinnich nimme op grûn fan in psychiatrysk rapport, en sa'n rapport wie der net. Crone is út namme fan de VNG belutsen by de nije wet 'GGZ verplicht' dy't it wat makliker meitsje moat om minsken dy't in gefaar foarmje foar harsels of har omjouwing op te sluten.
By de dea fan de mem is freed op ferskate plakken yn Ljouwert stilstien, lykas op de skoalle fan de jongste dochter, it Stedelijk Gymnasium. It minne nijs makke ek hjir djippe yndruk. Klasgenoatsjes waarden dêrom apart opheind.
Oan de Bereklauw yn Aldlân, it plak fan it famyljedrama, wie de technyske resjerzje freed noch de hiele dei dwaande mei spoare-ûndersyk. Ek de psychyske situaasje fan de fertochte wurdt yn dat ûndersyk meinommen.