Doelman Zeinstra makket oerstap nei Heracles Almelo

Harm Zeinstra © awfoto.nl
Doelman Harm Zeinstra giet fan SC Cambuur nei Heracles. De klup út Almelo hat de 27-jierrige keeper foar twa seizoenen fêstlein. Zeinstra hat sûnt 2013 ûnder kontrakt stien by Cambuur. Dit kontrakt rûn dizze simmer ôf en waard net ferlinge. Hjirtroch krijt Cambuur gjin transferjild foar de oerstap.
Zeinstra hat nocht oan syn nije avontuer: "Ik heb begin juni een gesprek gehad met trainer John Stegeman en keeperstrainer Brian van Loo", sa fertelt er op de webside fan de Heracles. "Dat leverde bij mij een enorm goed gevoel op, vanaf dat moment wilde ik alleen nog maar naar Heracles Almelo. De club heeft doorontwikkelen hoog in het vaandel staan, dat past goed bij me. Ik heb er zin in."