Flater mei eksamens Friese Poort komt troch de skoalle sels

ROC Friese Poort yn Drachten © Michel Kievits/DP6 architectuurstudio
De flater mei it eksamen Ingelsk fan fjouwer studinten fan de Friese Poort yn Drachten komt toch troch de skoalle sels. Der is in administrative flater makke, seit de Friese Poort. De studinten hiene de eksamens makke op de webside toets.nl, mar de resultaten rekken kwyt, sadat de eksamens oer moasten. Dat is yntusken gebeurd, de studinten binne allegear slagge.
De Friese Poort sei earst dat de flater makke wie troch de webside, mar by toets.nl seine se fuortendaliks al dat dat net kloppet. De skoalle hat der sels ek ûndersyk nei dien en hat no útfûn dat de flater dêr makke is.