Steaten akkoart mei 2,25 miljoen foar Ljouwert Fryslân 2018

In mearderheid fan provinsjale steaten giet akkoart mei it jaan fan 2,25 miljoen euro ekstra oan de stichting Ljouwert Fryslân 2018. Dat die woansdei bliken by de steategearkomste. Fan dat jild wurdt 875.000 euro brûkt foar marketing, 875.000 euro om it tekoart fan de stichting fuort te wurkjen en 500.000 euro foar it saneamde 'legacy-programma. Dêryn beskriuwe de steaten hokker positive effekten kulturele haadstêd nei 2018 hawwe kin foar de regio.
De SP pleitet foar it ynstellen fan in kommisje mei steateleden dy't it proses om Ljouwert Fryslân 2018 tsjin it ljocht hâlde sille. Dat om derfan te learen en om yn de takomst oare grutte projekten better oan te pakken. De oare kolleezjepartijen CDA, VVD en FNP stypje de SP dêryn. Earder pleite de SP noch foar in parlemintêre enkête, mar dat plan is loslitten.