Izore is bliid mei ekstra jild foar oanpak Lyme-sykte

Izore, it sintrum ynfeksjesykten Fryslân, is bliid mei it ekstra jild dat it ministearje fan Folkssûnens beskikber stelt foar de behanneling en oanpak fan de sykte fan Lyme. It ministearje jout 2,5 miljoen euro oan it Nationaal Lymeziekte-expertisecentrum, dêr't in tal sûnensorganisaasjes yn gearwurket. It jild is ûnder oare bedoeld foar it ûntwikkeljen fan bettere tests om de sykte fêst te stellen.
Test
It giet om in sykte dy't feroarsake wurdt troch in tikebyt. Alle jierren wurde lanlik sa'n 1,3 miljoen minsken biten troch in tyk, 25.000 dêrfan krije ek echt de sykte fan Lyme. Neffens Izore binne der op dit stuit noch gjin goede tests om de sykte fêst te stellen. Boppedat lykje in soad fan de klachten dy't pasjinten mei Lyme hawwe op klachten by oare syktes, dat makket it ek dreech om in diagnoaze te stellen.
Izore hopet ek dat mei it jild soarge wurdt foar in gelikense behanneling fan Lymepasjinten yn hiel Nederlân.