De Drait kriget grutte fiver tsjin wetteroerlêst

De Drait © Google Maps
Yn de Drachtster wenwyk De Drait begjint tongersdei de oanlis fan in grutte, nije fiver. Dy moat derfoar soargje dat de oerlêst fan grûnwetter yn de strjitten De Flevo, De Fluessen en De Dollard foarby is. It plan is makke troch de gemeente en it wetterskip, yn oerlis mei de omwenners.
De lêste tiid is al drainaazje en rioelearring oanlein. Nei de start fan de oanlis fan de nije fiver begjin ek de oanlis fan in fytspaad troch it gebiet. By it wetter komme boarterstastellen foar bern. Yn septimber moat it wurk klear wêze.
Dat de grûnwetterstân yn De Drait te heech is, hat bliken dien út ferskate mjittings. Dêrtroch binne de grienstroken en boartersplakken betiden hiel wiet en net begeanber. De drainaazje en de fivers moatte dêr feroaring yn bringe.