KPN bliuwt by beslút: Omrop Fryslân net yn lanlik pakket

Telekombedriuw KPN is net fan doel om werom te kommen op it beslút om Omrop Fryslân en oare regionale omroppen net mear yn it hiele lân troch te jaan. KPN hie dêroer brieven en reaksjes krigen fan ferskate organisaasjes, wêrûnder it Frysk Boun om Utens, de provinsje en Omrop Fryslân sels. Sy wiisden dêrby op de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal.
Kosten
KPN seit dat in kabelbedriuw wetlik allinnich ferplichte is om de regionale omrop yn de eigen provinsje en de omlizzende gebieten troch te jaan. KPN moat dêrfoar auteursrjochten betelje as Omrop Fryslân bûten de eigen regio útstjoerd wurdt. KPN wol syn belied allinnich oanpasse, as der oare ôfspraken oer de kosten makke wurde.
Fryske taal
No is Omrop Fryslân yn it telefyzjepakket fan KPN noch yn hiele lân te ûntfangen, mar it telekombedriuw fynt dat te djoer. De Fryske taal feroaret dêr neat oan, seit KPN.
Bot teloarsteld
Jan Koster, direkteur fan Omrop Fryslân is bot teloarsteld oer it beslút. "KPN skoot it feit dat it Frysk de twadde rykstaal is, wol hiel maklik oan de kant. Se sizze dat dat der net tadocht foar har. Se ha dit beslút op bedriuwsekonomyske grûn nommen en steane wetlik yn har rjocht, mar it Frysk is wol de twadde rykstaal. Minsken yn oare provinsjes kinne ek fia ynternet sjen, mar benammen de âldere Friezen om utens sjogge faak noch in soad nei de tradisjonele kanalen. Der is in platfoarm minder en dat is spitich." Hy sil sjen oft der noch mooglikheden binne fia de polityk. "Ik sykje kontakt mei de Fryske Twadde Keamerleden om te sjen wat we dwaan kinne, lykas in oanfolling yn de wet bygelyks."
"Dom fan de KPN"
Frysk Twadde Keamerlid Harry van der Molen fynt it "in dom beslút fan KPN. Ik hie al wat earder in oprop dien oan KPN om dit net troch te setten. Mar se hawwe dêr neat mei dien. Yn tsjinstelling ta oare oanbieders yn it ferline bliuwe sy by harren beslút. Mar KPN hâldt him wol oan de wet, dat regionale omroppen yn de eigen regio te sjen wêze moatte.
Ik bin wol fan doel, de steatssekretaris kommende wike op dit punt oan it jaske lûken. Miskien kin hy noch wat druk útoefenje. Oant no ta hat er dat net dien Ik sil him deroan werinnerje dat it ryk ôfspreaken hat om it Frysk te befoarderjen en de poysje te jaan dy’t it takomt as twadde rykstaal.
Wet feroarje
Deputearre Poepjes hat it kabinet ek al onskreaun. Ek ik sil him derop befreegje, want in wetswizing oer it Frysk nimt folle mear tiid as de deadline fan 4 july by KPN. As wy de wet oanpasse moatte – en dat slút ik net út as folgjende stap – dan hawwe wy mear tiid nedich. Want foardatst de wet feroare hast, bist al in ein fierder yn de tiid.”