Earste partijen foarrondes iepen FK jeu de pelote spile

Op it Iepen Frysk jeu de pelote yn Easterlittens binne de earste partijen yn de foarronden ferkeatst. Tiisdeitejûn wûn Makkum fan Wytmarsum, Winsum wûn fan Weidum en Reahûs/Turns wie te sterk foar Deinum. Moandeitejûn waarden de earste partijen ferkeatst. Doe wûn Grou fan Hartwert, Bitgum fan Dronryp en Seisbierrum/Pitersbierrum fan Reduzum.
It kampioenskip wurdt foar de 19e kear hâlden op it Plein yn Easterlittens. De finale is op freed 30 juny.