Mear as tûzen oanmeldings foar 'Tesla-projekt' Top Dutch

Auto's fan Tesla © ANP
Al mear as tûzen jonge talinten hawwe har oanmelden foar it projekt Top Dutch, de kampanje om de nije fabryk fan Tesla nei Noard-Nederlân te heljen. Minsken tusken de 16 en 36 jier koenen har fan moandei ôf oanmelde as se foar Tesla wurkje wolle. Wissichheid is der noch net, want de kâns is lyts dat Tesla foar Nederlân kiest. De kampanje is benammen bedoeld om dudlik te meitsjen dat der yn it noarden hiel wat talinten omrinne dy't foar it bedriuw oan de slach wolle.
It fabryk soe hûndert fuotbalfjilden grut wurde en kin sa'n tsientûzen banen opsmite foar de regio.