Brân fan 100 by 100 meter yn natuergebiet by Appelskea

© Remon Koene
Yn it natuergebiet Aekingerzand by Appelskea stiet in stik heide fan 100 meter by 100 meter yn 'e brân. Yn ferbân mei wetterwinning is der opskaald. De brânwacht krige moandeitejûn om healwei sânen hinne de melding fan de brân en is doe mei meardere weinen útriden. Ek út de provinsje Drinte wei waarden brânwachtauto's ynset om it fjoer te bestriden. Om healwei achten hinne joech de brânwacht it sein brân master. Der moat noch wol inkelde oeren neiblust wurde.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.