Hierder fakânsjehúske Boyl frijsprutsen fan fernieling

19 jun 2017 - 16:57

In 21-jierrige man út Steenwijk krijt gjin straf foar fernieling fan in fakânsjehúske yn Boyl. De man hie it húske hierd, mar der is te min bewiis dat hy it yn in grutte binde feroare hat. De meubels wiene stikken, de flier ferrinnewearre en kezinen, doarren en in kastewand wiene fernield. In waskdrûger en in waskmasine wiene ferdwûn. De eigener hie oanjefte dien tsjin de hierder. Doe't de plysje ûndersyk die yn it fakânsjehúske, waarden himpresten fûn. Der waard tocht dat der in himpkwekerij sitten hie, mar de rjochter koe gjin ferbân lizze mei de fertochte. 

Troch de frijspraak krijt de eigener gjin skeafergoeding. Hy hie in claim fan goed 11.000 euro yntsjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)