UPDATE: Utslaande brân yn oanleunwenning op It Hearrenfean

19 jun 2017 - 16:32

De brânwacht hat de brân op It Hearrenfean ûnder kontrôle. De brân wie yn in oanleunwente by Heremastate. Der komt noch wol in soad reek frij. Ut in kontrôle fan de brânwacht hat bliken dien dat der nimmen yn de wente oanwêzich wie. De brânwacht is mei meardere auto's by de brân. 

Yn ferbân mei de brân is de Heremawei ôfsletten foar alle ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)