LIVE: Parsekonferinsje oer brân yn studintehûs Ljouwert

19 jun 2017 - 16:59

De gemeente Ljouwert hâldt om 17.00 oere in parsekonferinsje oer de brân yn in studintehûs yn Ljouwert. By de brân yn de Emmanuel Murandstrjitte kaam moandeitemoarn betiid in 22-jierrige man om it libben

De man waard noch út de wenning helle en nei it sikehûs brocht, mar dêr is er oan syn ferwûnings ferstoarn. In twadde bewenner fan it hûs rekke ferwûne, oaren koenen op 'e tiid út de wenning komme.

Omrop Fryslân stjoert de parsekonferinsje om 17.00 oere live út yn Fryslân Hjoed op tv, op ynternet en de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)