Wurkstraf foar oplichterij mei roggebrea

19 jun 2017 - 15:54

In man út Mearum yn Grinslân hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen, omdat er ferline jier in ynwenner fan Ljouwert oplichte hat mei roggebrea. De Ljouwerter hie foar 1750 euro oan mobile telefoans besteld. Doe't er it pakketsje iepenmakke dat de man út Mearum by him brocht, siet der lykwols roggebrea yn. De fertochte wie yntusken hurd útnaaid en it slachtoffer koe him net mear te pakken krije. De Mearumer wie krekt út de finzenis en soe benaud west ha wer achter de traaljes te moatten.

De man krige net allinnich in wurkstraf, mar moat ek it jild fan de bestelling werombetelje en 300 euro smertejild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)