Deade man yn Ljouwert is fan it balkon fallen

19 jun 2017 - 15:29

De deade man dy't moandeitemoarn fûn waard op it Súdvliet yn Ljouwert is neffens de plysje net it slachtoffer fan in misdriuw. Nei alle gedachten is de man fan in balkon fallen. Hoe't dat gebeure koe is net bekend.

Fanwege de fynst fan de man waard de omjouwing fan it appartemintekompleks dêr't er fûn waard ôfset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)