Studint (22) siet op Hotelskoalle, belutsenen op de hichte

19 jun 2017 - 14:15

De 22-jierrige man dy't moandeitemoarn om it libben kaam by de brân yn in wenning oan de Emmanuel Murandstrjitte yn Ljouwert, wie in studint fan de Hotelskoalle fan hegeskoalle Stenden. De skoalle hat moandeitemiddei de stúdzjegenoaten en dosinten op de hichte brocht. Der is opfang regele foar minsken dy't der oer prate wolle.

In twadde bewenner moast nei it sikehûs om't hy reek binnenkrigen hie. By de brân rûnen fiif hûzen skea op. Foar de bewenners is opfang regele. De plysje docht ûndersyk nei it ûntstean fan de brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)