Friezen oer oanslaggen: "Net benaud, wol alert"

19 jun 2017 - 13:11

"Net benaud, mar wol alert", dat is oer it generaal de teneur op de fraach oft Friezen benaud binne foar oanslaggen. "Je wolle net dat it je libben behearsket, mar doe't ik lêst seach dat in tas yn de trein stean bleaun wie, haw ik de kondukteur der wol op wiisd." In student dy't moslim is, sei sels ek benaud te wêzen foar oanslaggen. Hy begriep ek wol dat der benammen nei moslims sjoen wurdt, mar fynt dat net terjochte: "Van de Koran mogen we niet eens iemand uitschelden, laat staan aanslagen plegen!"

Lanlike sifers fan it CBS jouwe oan dat 40 prosint fan de Nederlanners alert is op mooglike oanslaggen, benamme op plakken dêr't in soad minsken komme. Boppedat wurdt der faak rekken holden mei it risiko op oanslaggen by it kiezen fan in fakânsjebestemming en de ôfwaging om al of net nei festivals te gean.

Trefwurden: 
oanslaggen Friezen CBS sifers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)