Gemeente presintearret tiisdei plannen foar Cambuurstadion

Ympresje fan it nije Cambuurstadion (ALD!)
De gemeente Ljouwert presintearret tiisdeitemiddei de plannen foar in nij Cambuurstadion en de fierdere ûntwikkeling fan it WTC-gebiet. De gemeente docht dat yn oparbeidzjen mei it bestjoer fan sportklup Cambuur, ûntwikkelder Wyckerveste en oannimmer Dijkstra Draisma. De plannen wurde tiisdeitemiddei op de boppenste ferdjipping fan it WTC Hotel útstald.
Omrop Fryslân stjoert tiisdeitemiddei de presintaasje fan de plannen foar it Cambuurstadion fan ien oere middeis ôf live út op telefyzje en ynternet.