Ekstra bussen tusken Fryslân en motorevenemint TT Assen

© ANP
Yn it súdeasten fan Fryslân set ferfiersbedriuw Arriva ekstra bussen yn mei it motorevenemint TT yn Assen. De bussen ride jûns en nachts hin en wer tusken Easterwâlde, Appelskea en it Drintske Smilde nei it stasjon yn Assen. Reizgers kinne dan de ov-chipkaart brûke. By in tydlik ferkeappunt yn Easterwâlde is in deikaart te keap.
De TT is fan kommende freed 23 juni oant en mei snein 25 juni.